It moat kinne spilet:
FREONEN?!Jo kinne op dizze side lêze wêr it stik oer giet.
Fansels kinne jo op dizze webside ek kaarten keapje.
Wy sjogge jo graach yn maart 2026!
Kom it sels sjen!
Op freed 13 maart, sneon 14 maart, freed 20 maart en sneon 21 maart sil Toanielferiening It Moat Kinne wer in nij stik op’e planken bringen.
Hâld ús webside en ús socials goed yn ‘e gaten foar mear ynformaasje!
dit stik wurd op ‘e planken set under lieding fan
Us regisseur
Wat spylje wy dit jier
Oer it stik
‘’Wannear bist freonen dy’t inoar net mear alle dagen hoege te sjen, en wannear bist gjin maten mear?’’
Wat hawwe in plastysk sjirurch, in taksysjauffeur, in boer, in handikapte persoan en in gymleraar mei-inoar mienskiplik? Alles, sa docht bliken as de âlde freonen inoar wer moetsje by harren jierlikse Wolfpack-reüny. Wêr’t de jonges yn harren wylde jierren earder alle dagen byinoar wiene, bart dat no noch heechút ien kear yn it jier. By de reüny is it wer âlderwetsk narjen en pleagjen, opskepperij, krimmenearjen en goedmeitsjen, mar boppedat foaral in protte wille meitsje en bier drinke.
As oft it sa wêze moast, fynt der dit jier tidens de reüny in folsleine moannefertsjustering plak. Dat soarget foar in dynamyk dy’t hast oan dynamyt grinzet… Mar as ien foarstelt om in spultsje te dwaan – alle tillefoans op ’e tafel en alles wat binnenkomt lûdop foarlêze – komt de spanning yn in streamfersnelling. De jonges swarden eartiids, mei tsien hannen op in kist bier, dat se alles diele soene en gjin geheimen hawwe soene. Jildt dat anno 2026 noch altyd?
wat ús driuwt
Toanielferiening It Moat Kinne
Wy binne in gearwurking fan kreatyf talint út Broeksterwâld en De Falom, dy’t al jierrenlang it poadium mei passy folt. Mei in ferskaat oan stikken, fan kluchten ta serieuze drama’s, nimme wy ús taskôgers mei yn ferskate wrâlden en ferhalen. Wy binne in gearhing fan minsken mei ferskate talinten, mar ien ding hawwe wy gemeen: leafde foar it toaniel en de ûntdekking fan nije ferhalen.
Yn maart 2025 sil de feriening in stik op de planken bringe yn doarpshûs De Pipegael yn Broeksterwâld.
Wy stelle jimme efkes foar oan
Ús spilers
Us frijwillichers
Sûnder ús geweldige groep frijwilligers soe ús toanielferiening net sa prachtich wêze. Harren tawijing, passy en ûnstjerlike ynset meitsje elke foarstelling mooglik. Fan de talentearre dekorbouwers dy’t magy skapje op it toaniel ta oan de dreaune klaaisters dy’t elk detail perfeksjonearje, fan de behendige kapper dy’t de personaazjes ta libben bringt ta oan de technyske geniën dy’t soargje foar it perfekte lûd en ljocht. Dat binne de echte helden efter de skermen, en dy bydrage fertsjinnet alle loft en erkenning. Ek sûnder harren kin der gjin stik opfierd wurde!
Wy kinne al help brûke binne ús feriening, wolle jo ús ek helpe? Nim dan kontakt mei ús op.
Alle spyldata:
freed 13 maart 2026 - de premjere
sneon 14 maart 2026
freed 20 maart 2026
sneon 21 maart 2026
Folgje ús op sosjale media
Facebook en Instagram
Folgje ús op Instagram en Facebook foar de lêste updates fan Toanielferiening It Moat Kinne. Wy sille jo op ‘e sosjale mediakanalen op ‘e hichte hâlde fan al it nijs en ûntwikkelingen om úse produksjes hinne. Sa bliuwe jo altyd op de hichte fan de lêste ynformaasje oer de foarstelling en mear. Mis neat en folgje ús!
Oantal dagen oant de premjêre:
Dag(en)
:
Uur(s)
:
Minute(s)
:
Second(s)
